It Cultuurfonds is it grutste partikuliere fûns yn Nederlân en ynvestearret yn keunst, kultuer, erfguod en natuer. Njonken it lanlik buro yn Amsterdam binne der 12 ôfdielings, yn elke provinsje ien, dy't mei in eigen budzjet bydrage oan projekten mei impact op de mienskip.

It Cultuurfonds ynvestearret alle jierren goed 40 miljoen euro yn kultuer en natuer. Dat jild giet nei sa'n 4.000 projekten troch hiel Nederlân, yn it Karibysk part fan it keninkryk en yn Suriname. Dat dogge wy mei de bydrage fan de VriendenLoterij en Nederlandse Loterij, fan ús skinkers en donateurs en mei ús partners.

Wat silst swaan?

As lid fan it bestjoer komst fjouwer kear yn it jier gear mei in ynspirearjende groep fan noch fiif eksperts, ûnder foarsitterskip fan de kommissaris fan de Kening, A.A.M. Brok. Mei-inoar beslute jimme oer de bydrage oan de yntsjinne projekten op it mêd fan byldzjende keunst, skiednis en letteren, kultureel erfguod, muzyk, teäter, dûns en film, buertkultuer en natuer.

Alle yntsjinne fersiken binne al foarsjoen fan in ‘pre-advys’ troch it buro. Do tinkst mei oer de advizen op alle mêden en bringst ekspertize yn oangeande de oanfragen op it mêd fan natuer- en kultueredukaasje. En do tinkst mei oer de provinsjale en lanlike strategy. Do bist ‘ambassadeur’ fan it Cultuurfonds Fryslân en besikest op útnûging út en troch konserten en projekten.

Wat nimst mei?

Fan dy ferwachtsje wy datst de nedige ekspertize hast op it mêd fan natuer- en kultueredukaasje, datst in ‘frisse blik’ hast op it wurkmêd en beskikst oer in goed netwurk yn de provinsje Fryslân. Dêrneist is it fan belang datst wennest yn de provinsje en de Fryske taal op syn minst ferstiest. Fierder wurdt gefoel foar humor wurdearre.

Wat biede wy dy?

  • Meitinke mei- en meidwaan oan de strategy fan de ôfdieling Fryslân en it lanlik Cultuurfonds op it mêd fan kultuerbelied, mesenaat, nije gearwurkingspartners ensfh.
  • Utnûgings foar iepeningen fan projekten dy’t mei bydragen fan it Cultuurfonds ta stân kommen binne.

Wa bisto?

Wy stribje nei in ferskaat en ynklusyf Cultuurfonds. Wy sjogge dan ek út nei in kandidaat dy't ús bestjoer yn alderhanne opsichten fuorsterket. Sprekt ien fan de twa mêden dy oan, ek dan nûgje wy dy út om te sollisitearjen.

Entûsjast wurden?

Bist entûsjast wurden? Stjoer dan foar 18 novimber 2024 dyn motivaasjebrief mei CV nei friesland@cultuurfonds.nl.

Fragen?

Ms
Mirjam Sutman Meijer
secretaris/adviseur het Cultuurfonds Fryslân
+31 58 292 5609
mirjam@cultuurfonds.nl